Spijkerman wint prolooch Itaalje

© Omrop Fryslân
De Fryske Bertine Spijkerman hat de prolooch fan 'e Ronde fan Itaalje wûn. De hurdfytster út Sint Nyk is lid fan 'e nasjonale seleksje yn Nederlân.
Se fersloech yn 'e tiidrit oer 2,2 km yn Grumo Nevano de Wyt-Russin Zinaida Stahoerskaja en de Amerikaanske Mari Holden. It peloton riidt sneontemiddei nei Guardia Sanframondi. Dat is in etappe oer in ôfstân fan 119 kilometer.