Keunstgers yn Tytsjerksteradiel

© Omrop Fryslân
Twa sportferienings yn Tytsjerksteradiel krije jild fan de gemeente om in keunstgersfjild oan te lizzen. It giet om kuorbalferiening Vlug en Vaardig fan Garyp en de fuotbalferiening fan Oentsjerk.
De fjilden wurde betelle út in gemeentlik sportfûns, dat in pear jier ferlyn ynsteld is. De keunstgersfjilden wurde sa gau mooglik oanlein. De Grontmij set der nei de boufak mei út ein.