Alde rêdingsboaten yn Eastmahorn

© Omrop Fryslân
Yn Eastmahorn wie sneon Sail Eastmahorn. Under oaren fyftjin âlde rêdingsboaten fan de KNRM leine yn de haven wêrûnder de Carlot, de Neeltje Jacoba en de Insulinde út 1927.
De skippen binne ûnderweis nei Sail Delfzijl, it ynternasjonale spektakel dat takom wike holden wurdt. Dêrtroch seach de Nautische Vereniging Oude Reddingsboten kâns om yn Eastmahorn ek in evenemint te organisearjen. Der waarden ek dûkdemonstraasjes jûn.