Keninginne krijt nije stoepe

© Omrop Fryslân
Dongeradiel leit yn sân hasten in nije stoepe oan by it bedriuw Hiatus BV yn Dokkum. Dat moat neffens boargemaster en wethâlders om't de keninginne ein augustus op besite komt.
De direkteur fan Hiatus hat al jierren oantrune op op in opknapbeurt fan it gebiet om syn bedriuw hinne. Dongeradiel leit no in kuierpaad oan en it bedriuw knapt sels it foarterrein op. Beatrix bringt ein augustus in wurkbesite oan Noardeast-Fryslân.