Eksposysjeromte by Spitkeet

05 jul 2003 - 00:00

Temapark De Spitkeet by De Harkema krijt in eigen eksposysjeromte. De útstallings wurde tenei holden yn it Jelle Dam-hûs, ien fan de histoaryske húskes yn it iepenloftmuseum.

Foar't de eksposysjeromte ynrjochte wurdt, wurdt it Dam-hûs earst hielendal opknapt. It leit der wat fertutearze by. Earder wie it de ûntfangstromte fan it iepenloftmuseum. Dy funksje is no oernaam troch de nije skiepskoai.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)