Aksje tsjin kokkelfiskerij

© Omrop Fryslân
De Waadferiening is in grut offensyf begûn tsjin de meganyske kokkelfiskerij. De feriening dielt oan wettersporters beswierskriften út.
It ministearje fan Lânbou en Fiskerij hat dizze wike de kokkelfiskers tastimming jûn om yn augustus te begjinnen mei de fiskerij. Mei de ynsammele bewierskriften wol de Waadferiening de fergunning oanfjochtsje. Natuurmonumenten en It Fryske Gea stypje de aksje.