Brân yn wenhûs Ljouwert

04 jul 2003 - 00:00

De brânwacht fan Ljouwert moast der freedtemiddei mei in heechwurker oan te pas komme by in wenningbrân yn de Hercules Seghersstrjitte yn de wyk Huzum. De brân ûntstie nei alle gedachten troch koartsluting.

It gefaar bestie dat de flammen oersloegen nei oare huzen. De buert waard dêrom ôfset en út de heechwurker wei waard de brân yn 'e gaten hâlden. It foel lykwols ta. Der rekke net ien ferwûne by de brân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)