Mear dielnimmers Conc. Hippique

04 jul 2003 - 00:00

It Concours Hippique yn Burgum hat dit jier folle mear dielnimmers as oars. Goed 270 dielnimmers ha har opjûn. Kommende freed en sneon wurdt de 19e edysje hâlden. Der is in klassyk en in progressyf parkoers.

Dêrnjonken is der in mini-maraton en is der in westernshow. It terrein fan de Concours Hippique is sûnt trije jier oan de Menno van Coehoornleane yn Burgum, om't yn it sintrum gjin rûmte mear wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)