Noar nei Hearrenfean

04 jul 2003 - 00:00

SC Hearrenfean hat op 'e nij in Skandinavyske spiler kontraktearre. It giet om de Noor Daniel Berg Hestad, in sintrale middenfjilder. Hy komt op 1 jannewaris takom jier nei Fryslân. Oant dy tiid bliuwt er by syn club Molde FK.

De 27-jierrige spiler is transferfrij en tekene in kontrakt foar 2,5 jier. Dêrnei is der in opsje foar noch in jier. Berg Hestad spile fiif kear foar it Noarske alvetal.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)