CU-SGP stipet garnalefiskers

04 jul 2003 - 00:00

De ChristenUnie- en SGP-steatefraksjes yn Fryslân freegje omtinken foar de garnalefiskers. Yn in brief oan 'e Twadde-Keamerfraksje dogge se in berop op 'e fraksjes yn Den Haag om de problematyk fan de fiskers yn 'e Keamer te bepraten.

De NMa hat de fiskers in boete oplein foar ôfspraken oer fangstbeheinings. Neffens Europeeske regels meie sokke ôfspraken meikoarten wol. Underwilens fertsjinje de fiskers suver neat mear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)