Deadlik ûngemak by Droegeham

© Omrop Fryslân
By in ûngemak op de rûnwei fan Droegeham is freedtemoarn in man út Stynsgea om it libben kaam. It 32-jierrige slachtoffer bestjoerde in buske dat frontaal yn botsing kaam mei in frachtauto. Wêrom is noch net bekend.
It ûngemak barde op de krusing fan de Skieppedrift mei de rûnwei. De 53-jierrige frachtweinsjauffeur út 'e Harkema rekke net ferwûne. It ferkear waard in skoft omlaat troch it doarp.