Nij wurk foar Bijlsma De Lemmer

© Omrop Fryslân
Skipswerf Bijlsma op De Lemmer hat nij wurk en liket dêrmei foarearst rêden. De opdrachtjouwer is Wagenborg. Nei lang ûnderhanneljen binne de beide partijen it iens wurden. Dat betsjut ek dat de nije fearboat 'Oerd', dy't klear is en leit te wachtsjen op De Lemmer, no ek oplevere wurdt.
Nije wike al sil it skip ynset wurde tusken Holwert en It Amelân. Foar de werf liket der no wer in takomst te wêzen.