Asylsikers Amelân dochs no fuort

03 jul 2003 - 00:00

De 42 asylsikers dy't noch op It Amelân wenje, moatte binnen in wike fuort. Dat hat it sintraal orgaan foar de opfang fan asylsikers, it coa, bekend makke. De gesinnen ha earder dit jier mei sukses aksje fierd foar in langer bedriuw op it eilân.

It coa naam doe úteinlik de beslissing dat se oant de simmer bliuwe mochten. Se moatte no uterlik tiisdei fuort. It stipekomitee op It Amelân wol dat de minsken oant 1 septimber bliuwe kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)