Bettere paadwizers De Harkema

03 jul 2003 - 00:00

De Harkema kriget as earste plak yn de gemeente Achtkarspelen bettere paadwizers. Dat hat de gemeente tasein oan Pleatslik Belang. It is lykwols noch ûndúdlik wannear't de ferwiisbuordsjes der komme, want op it stuit is der gjin jild foar.

PB fan De Harkema en ek fan Bûtenpost hiene frege om bettere paadwizers, om't dy no net goed genôch binne. Minsken moatte faak sykje om bepaalde gebouwen, bedriuwen of ynstellingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)