Beursplein wurdt net 'omboud'

© Omrop Fryslân
It Beursplein yn Ljouwert wurdt net iepensteld foar ferkear yn beide rjochtingen. Soks soe de súdeastkant fan it sintrum better berikber meitsje. De gemeente en eksterne saakkundigen fine lykwols dat iepenstelling fan beide kanten te ûnfeilich is. Ek soe de oanpassing fan it plein tefolle kostje. Deputearre Baas fan de provinsje Fryslân hat teloarsteld reagearre op it nijs. It provinsjehûs is no ek min te berikken.