GGD helpt faker arrestanten

© Omrop Fryslân
Sûnentsjinst GGD hat de plysje ferline jier folle faker holpen by arrestaasjes en opspoaringsûndersiken as yn 2001. It jierferslach sprekt fan in taname fan 30%. It giet dan benammen om medyske soarch foar arrestanten. Yn Ljouwert hat de GGD ferline jier tûzen arrestanten holpen dy't in dokter nedich hiene.
Yn it jierferslach fan de GGD stiet ek dat it tal geslachtssykten yn Fryslân wer flink tanommen is.