Boek oer drinkelingetsjerkhôf

© Omrop Fryslân
Oer drinkelingetsjerkhôf Vredenhof op Skiermûntseach is in boek útkaam. Twa neibesteanden wiene woansdei op it eilân by de presintaasje. Dat binne de Dútse Louise Schwierin, waans man as piloat op it eilân oanspielde. De broer fan Alan Matthews kaam itselde oer.
It boek giet oer it ûntstean fan it hôf en oer de minsken dy't der lizze. De measte ferhalen binne boppe wetter kaam nei speurwurk fan behearder Groendijk. Sietse van der Hoek skreau it boek.