Keninklik doek yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In skilderij dat keninginne Wilhelmina makke hat, is yn Ljouwert te sjen. It doek hinget yn it kongressintrum PostPlaza, it eardere postkantoar. It akwarel hyt 'Bomen in een bergachtig landschap'. It is ûndúdlik wannear't se it makke hat.
Akwarellearjen wie in grutte hobby fan Wilhelmina. Se hat 1000 skilderijen neilitten. Postplaza wol mei it akwarel ekstra omtinken jaan oan it 100-jierrich bestean fan it gebou.