Aksje foar Frysk paspoart

02 jul 2003 - 00:00

Friezen moatte in Frysk paspoart krije kinne. Dat is it doel fan in nije aksjegroep. It is in groep Friezen dy't har, yndachtich it motto fan de frije Friezen, ferset tsjin de ferplichte identifikaasje.

Se ha beswier tsjin it paspoart dêr't ynstiet dat se de Nederlânske nasjonaliteit ha. Dat giet tsjin har gefoel en har gewisse yn. Se wolle by 'nasjonaliteit', de mooglikheid fan 'Frysk' derby hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)