Fersekerer is 'baas' oer apoteek

© Omrop Fryslân
Soarchfersekerer De Friesland mei apotekers sizze watfoar medisinen se keapje moatte. Dat hat de rjochter yn Ljouwert woansdei bepaald. De útspraak hat grutte gefolgen. No kinne apotekers noch djoere medisinen foarskriuwe, ek al binne der goedkeapere medisinen.
De soarchfersekerer kin fan no ôf beslute inkeld it goedkeapste medisyn te fergoedzjen en dat hat lang om let positive gefolgen foar de preemje dy't alle Nederlanners betelje moatte.