Wol of gjin stipe foar ADSL?

© Omrop Fryslân
De oerheid moat gjin stipe jaan foar de oanlis fan de flugge ADSL- ynternetferbining yn it noarden. Dat fynt de direkteur fan Kabel Noord. Dy eksploitearret de kabel yn Noard-East Fryslân en biedt sels ADSL oan.
De NOM en MKB-noard wolle wol graach dat de oerheid subsydzje jout foar de oanlis fan ADSL. KPN docht dat en kin it hast yn hiel Fryslân leverje. De direkteur fan Kabel Noord neamt mooglike stipe ûnearlike konkurrinsje.