Fûgelpits ferhuzet noch net

02 jul 2003 - 00:00

De Fûgelpits yn Eanjum ferhuzet net nei Dokkumer Nijesilen. It plan giet net troch om't it te djoer is. De pits is al jierren dwaande mei in oar ûnderkommen. Wêr't se no sitte, oan de Singel yn Eanjum, is de opfang út syn jaske groeid.

Foar Dokkumer Nijesilen wie al in ûntwerp makke. Ek is der kampanje fierd om jild op te heljen. Dat hat blykber net genôch jild opsmiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)