Winkels Skier alle sneinen iepen

© Omrop Fryslân
De winkels op Skiermûntseach binne tenei alle sneinen iepen. Dat hat de gemeentried tiisdei besletten. Foarhinne wiene de winkels tweintich sneinen jiers iepen.
De Christelijke Groepering op Skier stimde tsjin it foarstel, om't dy fynt dat op snein net wurke wurde mei. Boppedat past it net by de sfear dy't it eilân neffens de partij út strielje moat. De groepearing tinkt dat minsken it eilân mije sille fanwege it beslút.