Westerhof ferlit Keunstwurk

02 jul 2003 - 00:00

Oeds Westerhof ferlit Stichting Keunstwurk. Westerhof dy't seis jier direkteur wie fan Keunstwurk, is - nei eigen sizzen - oan wat oars ta. Hy wurdt konsultant by advysburo BMC yn Leusden. Westerhof bliuwt dêr dwaande mei kultuer.

As grutste wapenfeit yn syn 6-jierrich direkteurskip neamt Westerhof it tastânkommen fan de Jeugdteaterskoalle. De min fan de grûn kommende gearwurking mei Teater Romein is in teloarstelling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)