Sipke Ernst remise tsjin lieder

02 jul 2003 - 00:00

Sipke Ernst fan Damwâld wachtet by it Nederlânsk Kampioenskip Skaken yn Ljouwert noch hieltyd op syn earste oerwinning. Tiisdei slagge it him krekt net om yn de fyfde omloop te winnen fan de 16-jierrige koprinner Daniel Stellwagen út Soest.

It wie it earste puntferlies fan Stellwagen. Sipke Ernst hat no fjouwer remises en ien ferliespartij boekt en stiet mei twa punten dield sechde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)