Moard Tibetaan: tolve jier sel

01 jul 2003 - 00:00

De rjochtbank yn Ljouwert hat tiisdei in 21-jierrige Sinees feroardiele ta tolve jier sel fanwege deaslach. Der wie fyftjin jier sel easke foar de moard op in 45-jierrige Tibetaan.

De Sinees soe de Tibetaan mei in hakbile ombrocht hawwe. Beide manlju wennen yn it azc fan Burgum. Nei de moard is it stoflik omskot yn stikken seage en yn plestik ferpakt. De stikken waarden letter weromfûn yn de haven fan Burgum. De Sinees ûntkent de moard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)