Sloop Vegelinbuert begûn

01 jul 2003 - 00:00

De Vegelinbuert yn Ljouwert giet lang om let plat. Yn oanwêzichheid fan boargemaster De Boer is tiisdei mei de sloop begûn. Bewenners hienen mingde gefoelens by it slopen, ek al wie dy slim fertutearze en wennen der kriminelen en drugsferslaafden. Der wienen wat protesten.

Nei de sloop komme der nije, betelbere keap- en hierhuzen. Sa wol de gemeente de drugsoerlêst ferminderje en de buert wer leefber meitsje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)