Jild nedich foar tún MCL-súd

30 jun 2003 - 00:00

Meiwurkers fan de ôfdieling onkology fan MCL-súd yn Ljouwert wolle graach in binnentún oanlizze yn it sikehûs. Dêrfoar besykje se fia jeften 250.000 euro byelkoar te krijen.

De tún moat in plak wurde dêr't minsken har fertriet yn alle rêst ferwurkje kinne. No is dêr gjin spesjale romte foar en sitte minsken faak gewoan op 'e gong. Yn it budzjet foar de nijbou fan it sikehûs is gjin jild foar de binnentún.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)