Minder jild foar sport en soarch

© Omrop Fryslân
Besunigingen fan it ministearje fan Folkssûnens betsjutte mooglik de ein fan it jongerewurk op it plattelân. Dat tinkt foarsitter Bouma, fan it NAJK.
Goed trijehûndert ynstellingen fan sport, wolwêzen en soarch ha moandei in brief fan minister Hoogervorst krigen dat se minder stipe krije. It ministearje moat 127 miljoen euro besunigje. Neist it jongerewurk op it plattelân, ha ek it Reade Krús en de scouting der mei te krijen.