Trochfarbere wetterkearing

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân start in proef mei in trochfarbere wetterkearing by de Weaze yn Ljouwert. Dy wetterkearing moat liede ta skjinnere grêften.
Doel is dat troch de wetterkearing gjin smoarch wetter mear fan bûten nei binnen komme kin, mar dat boatsjes wol nei binnen farre kinne. Grutte rubberflappen dy't op 'e boaiem fêstsitte, moatte meibûgje mei de boaten. Yn dit proefstik sil ek skjin wetter talitten wurde.