Van der Wal njoggende op NK

30 jun 2003 - 00:00

Yn poadiumplak op it NK hurdfytsen yn Rotterdam siet der foar de Friezen net yn. Se dienen by de kampioenskippen fan it ôfrûne wykein wol goed mei. Sneon waard by de beloften Thomas Dekker fan Dirkshorn kampioen. Yn de finale sprong Holwerter Eelke van der Wal achter de lettere winner oan.

Hy waard nei 175 kilometer njoggende. By de froulju wie Joesephine Groenveld fan Folsgeare mei in tsiende plak de bêste Friezinne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)