Djoer kultureel sintrum Harkema

© Omrop Fryslân
De kosten fan de bou fan it Edukatyf Kultureel Sintrum op 'e Harkema wurde folle heger as ferwachte. De belutsen organisaasjes hawwe 6,2 miljoen euro nedich, wylst Achtkarspelen mar 2,7 mijoen beskikber stelt.
Boppedat makket it Sosjaal Kultureel Wurk beswier tsjin it slopen fan it Kluphûs foar de jongerein op 'e Harkema. Neffens dy organisaasje kin it Kluphûs mei in pear oanpassings diel útmeitsje fan it nij Kultureel Sintrum.