Jonkje út Friens slim ferwûne

30 jun 2003 - 00:00

In 7-jierrich jonkje út Friens is ôfrûne sneon yn syn wenplak slim ferwûne rekke by it opheljen fan it âld papier dy moarns. It jonkje skrok fan in hûn en bedarre op 'e dyk. Dêr ried de trailer mei âlde kranten oer him hinne.

Neist in ambulance is ek in traumahelikopter ynset. It jonkje is earst nei it sikehûs yn Ljouwert riden en dêrnei oerbrocht nei it akademysk sikehûs yn Grins.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)