Snelheidskontrôle TT-besikers

28 jun 2003 - 00:00

Besikers fan de TT yn Assen kinne dit wykein rekkenje op ekstra kontrôles fan de plysje. Mei ûnopfallende auto's en motors wurde foaral motorriders yn de gaten hâlden, dy't by it race-evenemint weikomme en wol gauris it gas iepenlûke.

Al in pear jier wurde de ekstra kontrôles yn it TT-wykein hâlden. De kontrôle liket súkses te hawwen, want hieltyd minder motorriders wurde trapearre op it oertreden fan de maksimumsnelheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)