Surséânse Burgum Staalbouw

28 jun 2003 - 00:00

Burgum Staalbouw hat útstel fan betelling oanfrege. By it bedriuw yn Sumar wurkje 75 minsken. Ferwachte wurdt dat in fallissemint net mear foar te kommen is.

It gie al in skoftke net goed mei Burgum Staalbouw. It bedriuw hat de ôfrûne moannen besocht by leveransiers foar de helte kwytskelding te krijen foar har skulden. Dat is lykwols net slagge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)