Undernimmers bouwe sels steiger

28 jun 2003 - 00:00

Undernimmers fan Wytmarsum ha it heft yn eigen hân naam. Se ha sneon sels in steiger boud. De gemeente praat der al jierren oer, mar docht neat. De ûndernimmers ha steiger fan 100 meter slein yn de feart by de mûne.

It giet om in tydlike steiger. As de gemeente safier is om sels wat te bouwen kin dizze wer fuorthelle wurde. Foarearst kinne wettersporters fan Boalsert nei Harns no ek yn Wytmarsum oanlizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)