Utwreiding hôf Mûntsjesyl

© Omrop Fryslân
De gemeente Kollumerlân mei fan de provinsje it begraafplak yn Mûntsjesyl útwreidzje. De útwreiding is nedich omdat it tsjerkhôf fol is.
Omwenjenden ha fiif jier protestearre tsjin it grutter meistjen fan it begraafplak. De nije grêven komme tichtby huzen te lizzen. De bewenners binne benaud dat de wearde fan har huzen en it wengenot minder wurde. De gemeente begjint nei de simmerfekânsje mei de útwreiding fan it begraafplak.