MCL snijt yn geastlike soarch

© Omrop Fryslân
Sikehûs MCL sil snije yn de geastlike fersoarging. De besunigingsmaatregels fan it nije kabinet twinge it sikehûs hjirta. De kliïnteried en ek de geastlike fersoargers sels begripe de maatregel net.
Yn it hielendal fernijde MCL is der aanst krekt mear ferlet fan geastlike bystân, sa tinke se. Yn it nije MCL komt bygelyks in ôfdieling foar hertsjirurgy, dêr't slim sike minsken behannele wurde.