Fearboat Oerd noch by Bijlsma

27 jun 2003 - 00:00

De Oerd, de nije fearboat foar It Amelân, leit noch hieltyd by Skipswerf Bijlsma op De Lemmer. De Oerd is klear foar de oerfeart, mar is ek ûnderdiel fan it fallissimint fan Bijlsma Warten. Opdrachtjouwer Wagenborg is yn konflikt mei kurator Cnossen fan Bijlsma oer de levering fan de Oerd.

De ûnderhannelingen binne dreech, mar der wurdt noch praat, sa seit Cnossen. Hy hopet dat der nije wike in iepening fûn wurde sil yn de ûnderhannelingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)