Riedslid Dongeradiel stapt op

27 jun 2003 - 00:00

Riedslid Visser fan de CDA-fraksje yn Dongeradiel stapt per 1 augustus op. Hy docht dat om't de gearwurking mei de oare fraksjeleden hieltyd dreger wurdt. Botsende karakters en in gebrek oan gemy, dêrmei ferklearre Visser yn de riedsgearkomste tongersdei syn beslút.

Op it beslút fan Visser waard ferbjustere reagearre. Visser lei ôfrûne moandei syn funksje as CDA- fraksjefoarsitter al del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)