Fiif kantoaren Wetterskip ticht

© Omrop Fryslân
De trije regiokantoaren fan Wetterskip Fryslân komme yn Dokkum, Snits en Drachten. Dat betsjut dat de fiif besteande regiokantoaren yn Boalsert, De Gordyk, Stiens, De Jouwer en Bûtenpost sletten wurde.
De besteande kantoaren binne te lyts om de gemiddeld 100 meiwurkers fan de regiokantoaren te húsfesten. Neffens foarsitter Reinders fan de fúzjewurkgroep bliuwe de gefolgen foar it personiel lykwols beheind.