Eksposysje oer Theun de Vries

27 jun 2003 - 00:00

Yn it Letterkundich Museum yn Den Haach is freed in tentoanstelling iepene oer de skriuwer Theun de Vries. De Vries (96) wenne de iepening sels by.

Op de eksposysje binne âlde skoalrapporten fan de âld-ynwenner fan Feanwâlden te sjen en ek orizjinele manuskripten. Fierder lizze der it menukaartsje fan syn brulloft en de earste skuontsjes fan syn earste bern. De eksposysje is te sjen oant en mei 7 septimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)