Nurmela nei Kaiserslautern

27 jun 2003 - 00:00

Mika Nurmela ferlit SC Hearrenfean. De 31-jierrige Fin hat in kontrakt tekene by de Dútse Bundesligaklup Kaiserslautern. Dat melde alteast Finske media en Studio Sport. Nurmela hat fjouwer jier by Hearrenfean spile. Dêrfoar kaam er fjouwer seizoenen út foar Emmen.

It ôfrûne jier spile Nurmela 32 kompetysjeduels foar Hearrenfean. Hy skoarde dêryn 9 kear. Nurmela miste yn fjouwer seizoenen mar trije wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)