Remise Ernst tsjin Van Wely

27 jun 2003 - 00:00

Sipke Ernst fan Damwâld is it NK Skaken yn Ljouwert goed begûn. Ernst makke yndruk troch sûnder al te grutte problemen remise te spyljen tsjin Loek van Wely, de nasjonaal kampioen fan 2002. Ernst spile mei wyt en yn in nijsgjirrige partij behelle er sels in ljocht foardiel.

It foardiel waard lykwols nea sa grut dat er kânsen op winst krige, want Van Wely ferdigene effektyf. Van Wely fûn dat Ernst him goed taret hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)