Nij wenarkepark yn Warten

26 jun 2003 - 00:00

De Saiterpoarte wurdt de namme fan it nije park foar wenarken yn Warten. It park bestiet út 18 lisplakken foar fakânsje-arken dêr't op it stuit al 7 fan ferkocht binne.

It hiele projekt fan 2,5 miljoen euro wurdt troch de stifting Jachthaven Wartena sels betelle, sûnder gemeentesubsydzje of sponsorjilden. Oer twa wiken, foar de boufak-fakânsje, stiet it terrein ûnder wetter en moat it in echte haven wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)