Sjitpartij: twa manlju oanhâlden

26 jun 2003 - 00:00

De plysje hat woansdei twa Ljouwerters fan 22 en 34 jier oanhâlden foar in sjitpartij op de Weaze ôfrûne snein. Der binne 50 minsken heard. De tsjûgeferklearringen lieden ta de twa Ljouwerters.

De plysje ûndersiket ek oft der in ferbân is mei de sjitpartij op de Nijstêd ferline wike freed. Dêrby rekken twa Sinezen ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)