Skriuwerskaravaan krijt ferfolch

26 jun 2003 - 00:00

De skriuwerskaravaan dy't ferline jier oktober foar it earst by basisskoallen yn Achtkarspelen delgong, kriget in ferfolch. Skoallen yn Stynsgea, Boelensloane, Droegeham en Surhuzum kinne dit jier mei de berneboekenwike in besite fan skriuwers ferwachtsje.

De skriuwers fertelle op skoalle oer har wurk en de bern kinne dan fragen stelle. De organisaasje is yn hannen fan in boekhannel yn Bûtenpost en de biblioteek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)