Boete foar te folle neislachte

26 jun 2003 - 00:00

De dekhynst Onne fan fokker Doeke Hoekstra út Luttelgeest hat te folle neikommelingen krigen. Troch in flater yn de boekhâlding fan de fokker hat Onne 32 neikommelingen te folle produsearre.

Neffens it Frysk Hynstestamboek is dit in swiere oertreding fan de regels. Dêrom moat fokker Hoekstra in boete fan 35.000 euro betelje. Onne sels sil der net sa folle fan fernimme. Hy mei gewoan trochprodusearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)