SMS-service op It Amelân

© Omrop Fryslân
Op it Amelân kin aanst toeristyske ynformaasje opfrege wurde fia in sms-tsjinst. De VVV docht dizze simmer in proef yn it doarp Ballum.
Op ferskate plakken, lykas by kommandeurswenten, ateliers, mar ek restaurants, komme koades te stean dy't op de tillefoan yntoetst wurde kinne. De ynformaasje oer dat plak komt dêrnei op 'e mobile tillefoan te stean. De VVV It Amelân sjocht yn de sms-service in gat yn de merk.