Baas ta oarder roppen oer ATF

© Omrop Fryslân
Deputearre Baas is woansdei ta de oarder roppen troch Deputearre Steaten. Baas hie yn maaie tasein dat er 18 juny in rapport fan de provinsje komme soe oer de ATF-brân yn Drachten. Dy brân is de grutste miljeuramp dy't ea yn Fryslân barde.
Oant no ta ha de fraksjes gjin rapport hân fan de VVD'er. Nei't de Steaten him twongen in datum te neamen, makke Baas bekend dat op 16 augustus it rapport oer de ATF-brân op tafel lizze sil.